Kollum: "XTC"

04 okt 2018 - 07:43

"Doe't ik fan 'e wike út it rút fan myn sliepkeamer seach, wie der wat bysûnders te sjen. Op in dak oan 'e oare kant fan de binnentún stie in stellaazje. In aluminium buizekonstruksje, dy't ik ken fan teäters, mei oan in útein in grutte lampe. Ynpakt tsjin 'e rein. It ljocht wie wyt as bûtenljocht, ek al wie it bûten gewoan ljocht. It stie rjochte op in sliepkeamersrút, dêr't de gerdinen ticht fan wiene. Neist de ynstallaasje stie in jonge, yn reinpak, op syn telefoan te sjen. Ik tink dat hy de boel yn 'e gaten hâlde moast, mar ik wie net jaloersk op syn putsje. Der barde dêr hielendal neat.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

It wie my al gau dúdlik dat dit om filmopnamen gie. Dat bart hjir yn 'e buert wol faker. Foar binnenopnamen is natuerlik ljocht problematysk, dus dan sette filmmakkers gau in lampe oan 'e bûtenkant. En dus sels as it gerdyn foar it rút ticht is. Wat in gedoch, tinkt eat yn mei, mar oan 'e oare kant: wat in geweldich each foar detail.

Krekt dy ekstra stap sette, yn stee fan 'kin sa wol, juh', dêrmei wurdt dyn produksje better. Ek al giet dit net oer hoe goed dyn skript is, of dyn akteurs: dy sjogge wol dat der muoite dien wurdt om it goed te krijen, en soks skynt troch yn 'e hiele produksje. Tink ik. Sil it in sjogger opfalle? Wierskynlik net, yn elk gefal net direkt. In protte wurk, foar wat einliks?

Ik stie dat te besjen, in pear dagen neidat ik in protte wurk earne fan hân hie. Ik hie in radiodokumintêre makke oer XTC, mei as oanlieding dat yn augustus bekend waard dat de omset fan de yn Nederlân produsearre syntetyske drugs minstens 18,9 miljard euro is. Ik hie betocht dat by sa'n bedrach fansels ek in oantal heart, en miskien in ferhâldingsgetal tusken pillen en ôffal. Part fan de syntetyske drugs is XTC, en dat is in drug dy't populêr is by útgeanspublyk. Ik kin ek wol in pear minsken dy't it brûke.

In diel fan dy minsken is fegetariër; se kieze der om prinsipiële redenen foar om gjin fleis mear te iten. Se fine dat it ta skea giet fan it miljeu, of fine it begrutlik foar de bisten. Yn beide gefallen wolle se dus net bydrage oan in grutter systeem dêr't se net foar binne.

Dat hjit prinsipieel, en ek as ik net of net hielendal efter it prinsipe sels stean, fiel ik altyd wol bewûndering foar konsistint gedrach. Fan soks kinne jo op oan. Mar sa fiel ik dus wat wjerstân as se dan al entûsjast XTC-brûkers binne. It is in drug dêr't by it meitsjen flink wat gemysk ôffal ûntstiet, en om't it yllegale boel is, wurdt dat dumpt. Sa no en dan heare we der wat oer yn 'e media: in boskwachter of in boer fynt dy rotsoai dan.

It bart it meast yn Brabân, en de plysje dêr hat sels in spesjale PDF makke mei ynstruksjes foar wat te dwaan ast op dy troep stuitest. Belangrykste boadskip: hâld ôfstân, reitsje it net oan en gean út 'e wyn stean, want it is tige giftich. Sâltsoer en oare oplosmiddels.

En as it yn tonnen sit, ha se mazzel. Want dy kriminele XTC-bakkers litte de boel ek wolris rinne, yn natuergebieten, wetterwingebieten en yn jarrekolken. En dan binne de gefolgen gâns slimmer. Net it soarte fan saken dêr't in fegetariër graach mei assosjearre wurde wol.

Dus goed, dat hie ik allegearre útsocht, en ik hie sels in fegetaryske XTC-brûker fûn dy't foar de mikrofoan dêroer fertelle woe. Ik ha dagen studearre op de plysjerapporten oer dizze matearje, en wiken skreaun en skaafd oan it skript fan de dokumintêre. Ik ha der folle mear oeren yn stutsen dan einliks kin. In ferhaal dat ik yn alle gefallen noch nea earder heard hie. Miskien woe ik ek sjen litte dat der noch altyd deeglike radiosjoernalistiek bestiet!

Snein wie it op 'e radio. En ik wit fansels wol dat je je der net tefolle fan foarstelle moatte; dat mar in selekte groep minsken it heart, en dat de wrâld gewoan fierder draait. Mar der wie echt nul reaksje op.

Op moandei fielde ik my in bytsje sa't ik my foarstel dat dy jonge op dat dak him fielt. It is dúdlik wêr't it allegearre foar is, jo binne der grutsk op, en jo dogge jo wurk op de bêst mooglike manier. In moaier ljocht kin der net op 'e saak skine. Mar de impact fan myn wurk as sjoernalist is soms ûntnochterjend."

(advertinsje)