Wer gjin Europeeske subsydzje foar brede slûs by Koarnwertersân

03 okt 2018 - 23:17

De provinsje Fryslân krijt op 'e nij gjin Europeeske subsydzje foar it ferbreedzjen fan de slûs by Koarnwertersân yn de Ofslútdyk. Foar it tredde jier op rige honorearret Europa de provinsjale oanfraach foar miljoenestipe net.

De slûs by Koarnwertersân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De provinsje frege om stipe fan de Europeeske Uny, omdat der noch in grut tekoart is. Fan de 205 miljoen euro, dy't it breder meitsjen fan de slûs kostje moat, is no ûngefear de helte beskikber.

Deputearre Klaas Kielstra - Foto: Omrop Fryslân

Deputearre Klaas Kielstra seit net ferrast te wêzen oer dizze nije ôfwizing. Yn de lêste subsydzjerûnte siet net in soad jild, wylst der wol in soad oanfragen wiene.

Ferline wike hawwe de noardlike oerheden en it bedriuwslibben in bidbook oer de slûs oanbean oan minister Van Nieuwenhuizen. Kielstra hopet dat it Ryk en Rykswettersteat úteinlik ek meibetelje sille oan de ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân.

(advertinsje)