Doarpen fine nije gemeente Waadhoeke 'te formeel' mei fergunningen foar doarpsfeesten

03 okt 2018 - 23:09

De doarpen fan de âlde gemeenten Menameradiel en It Bilt fine de nije gemeente Waadhoeke te formeel en te strang mei fergunningen foar doarpsfeesten en oare eveneminten. Dy krityk wie woansdeitejûn te hearren op de earste doarpetop fan de gemeente Waadhoeke.

De measte doarpen wiene oanwêzich op de earste doarpetop fan gemeente Waadhoeke - Foto: Omrop Fryslân

Foar dy doarpetop wie in soad belangstelling út de fjirtich doarpen fan Waadhoeke, mar ek út de stêd Frjentsjer. Op de jûn wiene brainstoarmsesjes oer tema's as 'duorsumens' en 'fitale ferieningen'.

Op dy lêste workshop kaam fan ferskate kanten krityk op it fergunningebelied fan de gemeente Waadhoeke.

Pleatslik Belang Marsum wie der min oer te sprekken dat it doarp parkearwachten oanlûke moast foar de Marsumer merke. "We dogge it al tritich jier sûnder, en no moasten der parkearwachten komme foar tritich auto's. Dat is jammer", seit Geert Verf fan Marsum.

Hy stie net allinnich yn syn krityk. Ek Pleatslik Belang Sint-Anne en guon wykferieningen yn Frjentsjer fine de opstelling fan de gemeente 'te formeel'.

Geert Verf fan Pleatslik Belang Marsum

De oanwêzige riedsleden en wethâlders wiene goed te sprekken oer de grutte opkomst en de libbene diskusjes op de doarpetop. Riedsleden en wethâlders hiene fan boargemaster Apotheker de opdracht krigen om foaral hiel goed nei de dielnimmers te harkjen.

Wethâlder Nel Haarsma hat dat ek dien. "As ferskate doarpen der sa oer tinke, dan moatte we der noch in kear nei sjen. Mar it is fansels wol sa, dat de gemeente him oan de wet hâlde moat."

Haarsma wie foaral bliid oer de 'enerzjy fan tsientallen frijwilligers' dy't se meimakke yn Marsum. "Doarpen steane foar fergelykbere útdagingen en kinne in soad oan elkoar hawwe."

Wethâlder Nel Haarsma

(advertinsje)