"Homoseksuele manlju en froulju krije te min romte fan tsjerken"

03 okt 2018 - 22:56

De tsjerken jouwe noch te min romte oan homoseksuele manlju en froulju dy't yn God leauwen bliuwe wolle. Dat die bliken op de spesjale temajûn fan IepenUp yn NeushoornCafé ûnder de namme 'God loves fags'.

Foto: iepenUP

"Toen ik ontdekte dat ik op meisjes viel, zei de jeugdmedewerker van de Bethelkerk dat God mij niet zo had gemaakt. Hier zouden demonische krachten achter zitten om mij bij God vandaan te krijgen.", sei Fries om utens Femke Hettema. "Met pastorale gesprekken en gebed zou Satan weggestuurd kunnen worden in de naam van Jezus. Deze indoctrinerende en traumatische ervaring heeft bij mij veel schade aangericht."

Hettema is in fotografe dy't oarspronklik fan De Jouwer komt. No wennet se yn Amsterdam. Op it poadium fan IepenUP Live fertelde se iepenhertich oer har breuk mei de tsjerke en God. As puber moast se mei har âlders nei de Betheltsjerke yn Drachten. Doe't Femke ûntduts dat se lesbyske gefoelens hie, waard mei hânoplizzing ferskate kearen besocht de duvel út har te heljen.

Mei troch dy negative ûnderfining bruts Hettema úteinlik hielendal mei it leauwen en de tsjerke.

Hettema krige in soad stipe út it publyk dat yn NeushoornCafé oanwêzich wie, en krige ek alle begryp fan Tofik Dibi, âld-Twadde Keamerlid foar GrienLinks.

Aggresive reaksjes fan ferskate kanten

Yn in fraachpetear mei sjoernalist Botte Jellema makke Dibi it publyk dielgenoat fan syn striid mei it leauwen en syn homoseksualiteit. Hielendal omdat Dibi him earst as moslim bekearde en pas dêrnei as homo út de kast kaam. Dêrtroch krige hy fan ferskate kanten agressive en soms gewelddiedige reaksjes.

"Overdag word ik op straat uitgescholden door Marokkaanse jongens, daar ben ik heel eerlijk over. Maar online zijn het bijna uitsluitend blanke mannen die mij beledigen."

Dibi ûnderstreke dat de measte moslims him lykwols stypje en aardich binne. Hy sjocht dan ek gjin reden om mei de Islam te brekken.

De folsleine IepenUP fan woansdei 3 oktober is hjir werom te sjen:

Nije wike besteget IepenUP live oandacht oan 'it ambacht'. Publyk is dan al fan 17:00 oere wolkom yn NeushoornCafé foar in merk mei ferskate demonstraasjes en priuwerijen.

(advertinsje)