Danny Noppert wer thús nei earste PDC-titel: "Ik hear der no echt by"

Danny Noppert is werom op De Jouwer. Sneon wûn er yn Dublin it Players Championship en dat wie syn earste PDC-titel. "Pas doe't ik op de hotelkeamer wie, besefte ik it. Dan pas tinkst nei oer watst berikt hast."
Danny Noppert werom op De Jouwer nei earste PDC-titel
Yn de heale finale stunte Noppert mei winst op wrâldkampioen Rob Cross. "Dat wie it moaiste momint", fertelt Noppert. "Dêr ha ik safolle kracht út helle, dat ik dêrnei ek de finale wûn." Yn dy finale fersloech er de Ingelsman Ian White mei 6-4. White is de nûmer alve fan de wrâld.
Njonken de titel, pakte Noppert ek 15.000 Britske pûn en krige er de lokwinsken fan Cross en fan Michael van Gerwen, de nûmer 1 fan de wrâld. "Ik fiel dat ik der no echt tusken hear, tusken de grutte nammen."
Der binne twa grutte dartorganisaasjes: de PDC en de BDO. Oan it begjin fan dit jier makke Noppert definityf de oerstap nei it kommersjele dartbûn PDC.