Auto yn it wetter rekke by Mullum en de bestjoerder is spoarleas

03 okt 2018 - 22:41

Oan de A31 by Mullum is woansdeitejûn in auto yn it wetter fûn. De brânwacht is yn it wetter op syk nei mooglike slachtoffers. De bestjoerder is spoarleas en nei alle gedachten fuortrûn.

Foto: SRFotografie

De brânwacht fan Harns, Frjentsjer en dûkers fan de brânwacht út Ljouwert binne nei de A31 kaam.

It is noch net bekend hoe't de bestjoerder de macht oer it stjoer ferlern is en mei de auto yn it wetter bedarre.

Trefwurden: 
A31 auto-ûngelok Midlum
(advertinsje)