Sulveren Koets foar âld-Boalserter yn Twadde Keamer
Fries om utens Klaas Salverda hat woansdei it Zilveren Koetsje útrikt krigen yn it gebou fan de Twadde Keamer yn Den Haag. Dat byldsje is foar minsken dy't langer as 25 jier op en om it Binnenhôf yn Den Haag wurkje.
De 58-jierrige âld-Boalserter krige it koetske út hannen fan de foarsitter fan de Twadde Keamer, Khadija Arib.
Zzp'er avant la lettre
Salverda skreaun twa jier lyn it boek Testament van de Pers, oer de papieren parse yn Nederlân. Hy waard begjin jierren 90 redakteur foar de Gemeenschappelijke Pers Dienst yn Den Haag. Fan 1998 ôf waard er nei eigen sizzen 'zzp'er avant la lettre'.
De Boalserter skriuwt in soad oer it iepenbier bestjoer en is al sa'n 20 jier meiwurker fan it magazine fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten.