Marrit Jasper op it WK follybal: “Iedereen is vrolijk en blij”

03 okt 2018 - 21:35

Follybalster Marrit Jasper belibbet in suksesfol wrâldkampioenskip yn Japan. It Nederlânske team wûn oant no ta alle fjouwer wedstriden en giet oan de lieding yn de pûl. "Iedereen is vrolijk en blij. We hebben het heel leuk met elkaar, de sfeer zit er goed in en we hebben zin om te winnen", seit de 22-jierrige Jasper út Snits.

Marrit Jasper is de twadde fan links - Foto: www.orange-pictures.nl

De spylsters ha ek alle reden om bliid te wêzen: se wûnen de earste fjouwer wedstriden yn it Japanske Yokohama. Tsjin Dútslân waard it 3-1 en thúslân Japan, dat boppe Nederlân op de wrâldranglist stiet (sechsde om achtste), waard mei 3-2 ferslein.

Jasper begjint oer it algemien net oan de wedstriid, mar se krijt wol hieltyd mear minuten. "Tijdens de serve-wissel word ik tegen sterke tegenstanders nog wel eens ingezet en draai ik nog wel eens een verdedigend rondje mee."

Het is het beste niveau van de wereld.

Marrit Jasper oer it WK

Jasper spilet as passer-loper. "Het is het beste niveau van de wereld", seit se. "Misschien wel sterker dan tijdens de Olympische Spelen. Het is mooi als je daar aan mee mag doen."

Marrit Jasper oer har rol yn it team

Marrit Jasper hat nûmer 18 - Foto: www.orange-pictures.nl

De lêste twa wedstriden wiene in "makje". Tsjin Kamerûn waard it 3-0 en woansdeitemoarn helle Nederlân tsjin Argentinië deselde sifers. Marrit Jasper kaam woansdei healwei de earste set yn it fjild en makke de wedstriid út.

Nederlân stiet mei 11 punten út fjouwer wedstriden boppe-oan yn de pûl. De earste fjouwer teams geane troch nei de twadde ronde. Nederlân is al wis fan in plakje by de earste fjouwer.

Stân yn pûl A

1. Nederlân 4-11
2. Japan 4-10
3. Dútslân 4-9
4. Meksiko 4-3
5. Kamerûn 4-3
6. Argentinië 4-0

Tongersdei spilet Nederlân har lêste pûlwedstriid tsjin Meksiko, dat oant no ta mar ien kear wûn.

Yn de twadde ronde komt Nederlân yn in groep mei acht lannen. De beste trije fan dy groep geane nei de Final Six, twa groepen mei trije lannen. Dêrfan pleatse de bêste twa har dan wer foar de heale finales.

"In de Nations League en de Grand Prix eindigden we steeds bij de eerste zes", seit Jasper. "De Final Six moeten we dus kunnen halen. Daarna is het doel een medaille. Daar hebben we alle vertrouwen in."

Foto: www.orange-pictures.nl

Nederlân spilet no yn de groepsfaze yn Yokohama. Dêr binne ek de wedstriden fan de heale finale ôf. "Dat is wel een voordeel. We kennen de omgeving hier nu. Het leven bestaat momenteel uit trainen, wedstrijd spelen en eten. Maar we weten hoe het hier is."

De Olympyske Spelen binne yn 2020 ek yn Japan. "Het leeft hier zeker", fertelt Jasper. "De zaal zat tegen Japan vol. Ze vragen je om een handtekening en ze zijn heel dankbaar. Ik heb het echt het idee dat ze tegen ons opkijken."

Marrit Jasper: "Het leeft"

(advertinsje)