Marianne Vaatstra by 1001 froulju dy't yndruk makken yn de 20ste iuw

03 okt 2018 - 21:09

Marianne Vaatstra is opnommen yn it boek "1001 vrouwen in de 20ste eeuw", dat woansdei yn Amsterdam presintearre waard oan kening Willem-Alexander. Yn it boek wurde 1001 libbens beskreaun fan froulju dy't om watfoar reden dan ek yndruk makke ha op de mienskip fan de foarige iuw.

Foto: Utjouwerij Vantilt

Marianne Vaatstra is de op ien nei jongste frou dy't yn it boek stiet. Heit Bauke Vaatstra neamt it in erkenning foar wat Marianne meimakke hat.

Heit Bauke Vaatstra oer de erkenning fan syn dochter

It boek is skreaun troch histoarika Els Kloek, dy't ek gastkonservator is fan de tentoanstelling dy't oan it boek keppele is.

De doe 16-jierrige Marianne Vaatstra waard yn 1999 ferkrêfte en fermoarde, doe't se ûnderweis wie fan Kollum nei De Westereen. Har stoflik omskot waard fûn yn in greide by Feankleaster. De moard soarge foar in soad opskuor. Pas yn 2012 koe nei in grut DNA-ûndersyk de dieder Jasper S. oanhâlden wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)