Parkearbehearder Schiphol giet sûnder tastimming hûs Gordyksters yn

03 okt 2018 - 19:43

De plysje hat in parkearbehearder fan Schiphol en syn freondinne oanholden, om't se yn in wenning op De Gordyk lutsen, wylst de bewenners op fakânsje wienen en fan neat wisten.

Schiphol - Foto: Shutterstock.com

De plysje krige moandeitejûn om 23.00 oere in melding fan in oplettende buorman fan 't Leantsje op De Gordyk. De buorman soe op de wenning fan de buorlju passe, wylst dy op fakânsje binne.

Doe't de buorman ljocht brânen seach, is er nei de wenning gien om oan te beljen. Der die in foar him ûnbekende man de doar iepen. De man dy't de doar iepene, fertelde dat hy tastimming fan de bewenners hie om gebrûk te meitsjen fan it hûs. Der stie ek in frjemde auto op it hiem.

Hûs- en autokaaien

De buorman fertroude it net en belle mei syn eigen buorlju. Dy fertelle dat se fan neat witte, wêrnei't de buorman kontakt socht mei de plysje.

Doe't de plysje oanbelle by it hûs, die deselde man wer iepen. Hy fertelde dat de bewenners dy't op fakânsje binne, gebrûk meitsje fan in bedriuw yn de buert fan Schiphol dat valetparking oanbiedt. De fakânsjegongers hawwe de autokaaien, mei deroan de kaai fan it hûs, oan in wurknimmer jûn, sadat hy de soarch fan it parkearjen oernimme koe.

Om't alle gegevens fan it hûs bekend wiene, is de man mei syn freondinne nei it hûs fan de fakânsjegongers riden. Tegearre makke it stel al gebrûk fan alle foarsjennings yn de wenning.

Drugs

Nei't dúdlik wie dat alles barde sûnder tastimming fan de eigeners fan de wenning, is it stel oanhâlden en meinommen troch de plysje Noardeast-Fryslân foar ferhoar en ûndersyk. Yn de wenning binne drugs fan de fertochten oantroffen.

De auto dy't foar de wenning stie is yn beslach nommen. It liket derop dat dy sûnder tastimming troch de man meinommen is. Hy hie noch mear kaaien fan auto's by him, wêr't de plysje ek ûndersyk nei docht.

Mooglik hat de man fan meardere wenningen gebrûk makke, wylst de eigeners op fakânsje wiene.

De fertochten binne in 32-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwsplak en in 30-jierrige frou fan de Filipinen. De frou is nei alle gedachten yllegaal yn Nederlân. Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.

(advertinsje)