Syktocht nei tûkelteammen foar beheinden yn Boalsert
Wat binne de obstakels yn de stêd as je in lichaamlike beheining hawwe? Yn in kuierrolstoeltocht sochten gemeentemeiwurkers fan de gemeente Súdwest-Fryslân en ek de ferantwurdlik wethâlder Gea Wielinga dat woansdei út.
Se giene mei in tal minsken op kuier troch de binnenstêd fan Boalsert en kamen wol wat tûkelteammen tsjin. In tal brûkers fan rolstuollen riden mei en ek minsken mei in fisuele beheining of gehoarbeheining.
Foar de rolstoelers binne it benammen hobbels yn stoepen mar ek te steile stoeprânen of ôfritsjes. De wethâlder siet sels yn in rolstoel en ûnderfûn ek dat it op guon stikken behoarlik skeef wie. Dat wie bêst wol spannend, fûn se.
Ek in jonge man dy't hast net sjen kin, rûn mei syn hûn mei. Foar him soe it behoarlik helpe as der ribbeltegels yn de stêd wiene, dêr't hy oan fiele kin oft der in sebrapaad oankomt bygelyks, of ferkearsljochten.
Joute de Graaf is ien fan de minsken dy't him ynset foar in bettere ynrjochting fan de stêd. Hy hat in dwerslaesie en ûnderfynt faak dat der te min goeie parkearplakken binne foar minsken mei in beheining. Yn de kuiertocht krigen de gemeente-amtners dit soarte saken te hearren.
De Graaf hopet dat der no echt aksje ûndernommen wurdt. Neffens him rint Nederlân op dit mêd behoarlik achter op oare lannen, lykas yn Skandinavië en Amearika. Der is twa jier lyn in wet oannommen dêr't dit soarte maatregels yn ferplichte binne, mar it kin allegearre noch folle better, neffens him.
Wethâlder Gea Wielinga en har amtners nimme alle punten mei en sille der in ferslach fan meitsje. Dêrnei sille se sjen wat der dien wurde kin om saken te ferbetterjen.