Foarútsjen op rjochtsaak A7-blokkade: hoe komt it Iepenbier Ministearje fan oanklacht ta eask?

34 minsken, dy't ferline jier de A7 by De Jouwer blokkearren foar anty-Swarte Pyt-demonstranten, komme takom moandei foar de rjochter. Troch de sneldyk te blokkearjen hawwe de fertochten foar in gefaarlike situaasje soarge.
Dêrom binne der 34 fertochten oanklage foar trije saken: it tichtsetten fan de iepenbiere wei, twang en it behinderjen fan demonstraasje. Dêrneist is der ien fertochte oanklage foar opruiïng.
Sierd Eijzenga, parse-offisier fan it Iepenbier Ministearje, leit út hoe't sy fan in oanklacht nei in eask komme.
Fryslan Hjoed petear mei Sierd Eijzenga
"Dit is in atypyske saak. Dêrom wolle wy as Iepenbier Ministearje de kâns krije om ús kant fan de saak te beljochtsjen", seit Eijzenga. "De publike opiny liket te wêzen dat de blokkade in ludike aksje wie. Dat ropt by guon minsken de fraach op wêrom't it IM dêr minsken foar ferfolgje wol.
Mar wy wolle mei klam sizze dat hjir strafbere feiten begien binne. Dêr fine wy wat fan en net fan de Swarte Pyt-diskusje. Dizze rjochtsaak stiet folslein los fan de diskusje."

De straffen

Eijzenga: "Ik kin in selstraf net útslute yn dizze saak. Mar ik kin ek net op de saken foarútrinne, omdat it IM de frijheid hawwe moat om syn eigen kar te meitsjen. Meastentiids wurdt yn it foar hielendal net sjoen nei de maksimale straf. It is mear in plafond dêr'tst net boppe sitte kinst. Dêrom sit de eask der faak goed ûnder."
© Omrop Fryslân
"Der binne in soad dingen dy't meispylje. De offisier fan justysje sil by it bepalen fan de easken bygelyks rekkening hâlde mei de persoanlike omstannichheden fan de fertochten en de hâlding fan de fertochten by de sitting.
As de fertochte syn ferantwurding nimt foar it strafbere feit, dan spilet dat ek mei yn it foarmjen fan de eask. Dêrneist sjogge wy der ek nei as de fertochte in soad negative media-oandacht krigen hat. Dat is ek al in soarte fan straf, mar dat spilet yn dizze saak net."
Weromsjen op 18 novimber 2017