Online toeristekaart Fryslân útwreide mei ynfo oer restaurants, hotels en campings

03 okt 2018 - 17:17

De online ToeristenkaartFriesland, dy't ferline jier presintearre waard, is sûnt dizze wike ek iepensteld foar bedriuwen yn de toeristyske en rekreative sektor. Bedriuwen kinne dêrmei oan toeristen sjen litte hoe't harren hotel, fakânsjehúske, restaurant of camping derútsjocht.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de ToeristenkaartFriesland stie al in soad ynformaasje oer it Fryske lânskip en de Fryske kultuer.

De kaart wurdt min of mear automatysk byhâlden. As der in stikje programmearkoade op in website taheakke wurdt, streame ynformaasje en foto's automatysk by de kaarten binnen. By sites as Frieslandwonderland.nl en Frieslandagenda.nl wurket dat al op dizze wize.

ToeristenkaartFriesland is betocht troch it bedriuw DeeEnAa fan De Jouwer. Dat bedriuw wol de kaart meikoarten ek yn de oare noardlike provinsjes yntrodusearje.

Trefwurden: 
ToeristenkaartFriesland
(advertinsje)