Plan foar distribúsjesintrum foar kannabis yn Dokkum

03 okt 2018 - 16:14

Der moat ûndersyk komme nei de mooglikheden foar in distribúsjesintrum foar kannabis yn Dongeradiel. Ek moat kannabis op legale wize ferboud wurde yn de stêd, leafst troch minsken mei in bystânsútkearing. Dat is it plan fan John Burghout.

Kannabis - Foto: Shutterstock.com

Earder wie Burghout de ûndernimmer efter it yndoorfierljepsintrum op De Westereen. Tsjintwurdich is er oanwiisd op in útkearing.

Kannabis as genêsmiddel

De earste 54 jier fan syn libben wie er sels fûl op smoken en op kannabis tsjin, mar it lêste jier is er troch lichaamlike klachten sels yn oanrekking kommen mei kannabis as genêsmiddel.

Burghout fynt it nuver dat minsken lykas him kilometers ride moatte nei Ljouwert of Grins om oan kannabis te kommen. Sa'n kannabisdistribúsjesintrum soe ek nochris soargje kinne foar hûndert nije banen yn Dokkum, sa hat er besifere.

Nije kâns

De polityk yn Dongeradiel hat altyd fûl tsjin west op de komst fan in coffeeshop. Mei it each op de ferkiezingen foar de nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân sjocht Burghout in nije kâns.

Boppedat wurdt de lokale polityk foar syn gefoel twongen om it coffeeshopbelied opnij te besjen, no't der lanlik praat wurdt oer proeven mei legalisearring fan de produksje fan kannabis. Burghout seit dat er dêr al kontakt oer hân hat mei Jesse Klaver fan GrienLinks.

Skriuwen oan de gemeente

Yn in taljochting op syn plan skriuwt Burghout oan de gemeente: "Persoanlik bin ik gjin foarstanner fan in coffeeshop op lokaasje sa't dar no it gefal is yn de omlizzende gruttere stêden. Ik bin fan miening dat bern noch ûnderweis nei skoalle noch by it winkeljen yn de stêd konfrontearre wurde meie mei kannabis. Dus gjin oanstjitjaande coffeeshop yn it sintrum fan de stêd, mar in gebou oan de râne fan Dokkum."

Sûnder oerlêst

"Yn grutte steden soargje coffeeshops wolris foar oerlêst. Ast dêr delrinst en it dyn bern útlizze moatst, is dat net altyd leuk. Ik woe in oplossing derfoar fine dat minsken sûnder dat it oanstjit jout en sûnder dat se der in hiel ein foar hoege te riden oan kannabis komme kinne. Dat kin foar rekreatyf of foar medisinaal gebrûk wêze.

Wy hawwe hjir it grûnwetartikel 11 (frijheid fan libbensstyl). As ien jûns foar it sliepen in joint smoke wol yn plak fan in bierke drinke, dan moat dy dat sels witte."

Earmoed bestride

Foar de ferbou fan de himp hat Burghout minsken op it each dy't faak thús sitte. "Dat kinne minsken yn de bystân wêze of yn de ww, mar ek ZZP'ers dy't in diel fan de tiid, bygelyks yn de winter, net sa goed oan de bak komme kinne. Sy kinne dan sa in pear ekstra sinten fertsjinje. Dat kin in grut part fan de útkearing wêze, yn myn berekkeningen oant wol 70 prosint.

De opbringsten binne foar de mienskip. Myn plan soe ek helpe kinne de earmoed yn de gemeente te bestriden. Minsken yn de bystân wurde wat mei de nekke oansjoen en dat moat oars, Minsken sitte net yn de bystân omdat se dat sa graach wolle."

De ChristenUnie hat ûnderwilens fragen steld oan boargemaster en wethâlders oer it plan foar in kannabis-distribúsjesintrum yn Dokkum. Neffens Burghout is der in nulbelied yn de gemeente Dongeradiel, mar hat dat gjin draachkrêft mear troch it nije regearakkoart.

"Myn plan is in konsept-plan en ik wol it besprekber meitsje. Gjin polarisaasje, wol mei-inoar yn petear gean", seit Burghout.

(advertinsje)