HCL nominearret brief presidint Amearika as meast nijsgjirrige argyfstik

It Historisch Centrum Leeuwarden nominearret in brief fan John Adams út 1783 as meast nijsgjirrige argyfstik yn de kategory 'Opstân'. Yn de Moanne fan de Skiednis kin op nijsgjirrige argyfstikken stimd wurde.
Detail út de brief fan John Adams © Historisch Centrum Leeuwarden
John Adams wie gesant fan de opstannige Ingelske koloanjen yn Amearika en letter de twadde presidint fan de Feriene Steaten. Hy skreau it brief oan Wopke Wopkens yn Ljouwert nei't Fryslân as earste gewest yn Nederlân yn 1782 de Feriene Steaten as soevereine steat erkende.
Wopkens wie foarsitter fan de sosiëteit Door Vrijheid en IJver, dy't in betinkingsmunt sloech om stil te stean by dy erkenning. Minsken kinne op it argyfstik stimme.