Iepenbier Ministearje jout op YouTube útlis oer proses tsjin A7-blokkearders

03 okt 2018 - 14:57

It Iepenbier Ministearje hat in animaasjefilmke op YouTube set oer it proses tsjin de A7-blokkearders, dat nije wike yn Ljouwert plakfynt. Yn it filmke wurdt útlein hoe wichtich oft de frijheid fan mieningsutering is en dat dêr goed op past wurde moat.

In demonstraasje tsjinhâlde mei net, seit it IM en dat is ek ien fan de oanklachten. Fierders wurde de 34 fertochten oanklage foar it blokkearjen fan ferkear op de A7, mei in gefaarlike situaasje as gefolch.

It hiele gebou fan de Ljouwerter rjochtbank wurdt nije wike klearmakke foar it proses, omdat dêr in soad foar- en tsjinstanners fan Swarte Pyt ferwachte wurde. Dy kinne in plak krije yn ien fan de sittingssealen en it proses op in byldskerm folgje.

Woansdei sit parse-offisier Sierd Eijzenga fan it Iepenbier Ministearje yn Fryslân Hjoed om te praten oer de saak. Fryslân Hjoed is om 17:00 oere en wurdt alle oeren opnij útstjoerd.

(advertinsje)