Undernimmersfûns yn gemeente Súdwest-Fryslân kin bliuwe

03 okt 2018 - 14:30

It ûndernimmersfûns yn Súdwest-Fryslân kin bliuwe. De gemeente wol de ôfspraken mei en oer it fûns mei fjouwer jier ferlingje. De gemeenteried is no oan set.

It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It fûns is op inisjatyf fan de ûndernimmers yn 2016 oprjochte. Fia it fûns wurkje ûndernimmers mear gear en komme mei plannen dy't de regionale ekonomy fersterkje. De gemeente is tefreden oer hoe't it fûns wurket, mar sjocht tagelyk ek ferbetterpunten.

Sa is it benammen yn de lytse kearnen dreech om projekten fan de grûn te krijen. Boppedat soe it foar ûndernimmers makliker wurde moatte om harren bydrage werom te krijen, wannear't harren doarp net meidraait yn it fûns.

De gemeente is by it fûns belutsen, omdat it betelle wurdt fia de ûnreplikesaakbelesting foar net-wenningen.

(advertinsje)