WoonFriesland nimt sosjale wenningferhier op Skylge oer

WoonFriesland nimt oan de ein fan dit jier de ferhiertaken fan wenningstichting De Veste op Skylge oer. It sosjaal ferhierbedriuw is al langer aktyf op Waadeilannen Flylân en Skiermûntseach.
Skylge © ANP
Foar WoonFriesland betsjut de oername in fierdere konsintraasje op de kearntaak: soargje foar goede en betelbere hierwenten. De gemeente en hierdersferiening De Brandaris binne yn it foar belutsen by de oernameplannen.
Foar de hierders sil der neat feroarje. It eilân hâldt 414 sosjale hierwenten en 204 studintekeamers. Boppedat binne der plannen foar de nijbou fan 50 wenningen. Dat moat foar mear lykwicht op de wenningmerk soargje.