Fertochte widdo Van Seggeren moat langer fêstsitten bliuwe

De fertochte widdofrou yn de saak-Van Seggeren moat langer fêstsitten bliuwe, sa waard woansdei dúdlik by de rjochtbank Ljouwert. De widdo sit sûnt desimber fêst as fertochte fan de moard op har man. Har advokaat easke frijlitting út hechtenis oant it proses folget, mar dêr gie de rjochtbank net yn mei.
Tjeerd van Seggeren waard yn july 2017 dea oantroffen © De Vries Media
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust is yn de rjochtbank
Op de pro forma-sitting fan woansdei waard fierders bekend dat it NFI ûndersyk docht nei de saak. Sy sille sjen oft resten ferve op de skedel fan slachtoffer Tjeerd van Seggeren oerienkomme mei ferve dy't yn de auto fan de fertochte fûn is.

Wêrom komt de fertochte ntet frij?

Van Seggeren waard ferline jier july ombrocht op De Westereen. Sûnt desimber sit syn widdo fêst yn ôfwachting fan it proses. Der is al ferskate kearen frege om har frijlitting, oant no ta om 'e nocht. Ek woansdei bepaalde de rjochter dat se dochs langer fêstsitten bliuwe moat. De rjochtbank hat dêr in njoggental redenen foar, wêrûnder:
Mei de útspraak de fertochte widdofrou fêst te hâlden wol de rjochtbank net foarútrinne op in feroardieling, Mar der is reden genôch om har wol langer fêst te hâlden.

Advokaat pleitet ûnskuldich

De advokaat bepleite har ûnskuld. As foarbyld neamde er dat se in moaie grêfstien kocht hat foar har man en dêrop har namme sette litten hat en de nammen fan de bern. Dat dogge jo óf as jo psychopatysk binne óf ûnskuldich.
Se is gjin psychopaat, want dêr is se op ûndersocht, dus is se ûnskuldich. It Iepenbier Minstearje en de rjochtbank fine dat der genôch redenen binne om de fertochte langer fêst te hâlden.
De saak giet fierder op in rezjysitting op 31 oktober.