Poppoadium Asteriks ferlit Blokhúspoarte om hierpriis

Asteriks ferlit takom jier de Blokhúspoarte yn Ljouwert. It ûnderkommen wurdt te djoer foar it poppoadium, seit bestjoerslid Ana Ilicic. Neffens har hat Asteriks noch gjin nije lokaasje fûn.
De Blokhúspoarte © ANP
Ilicic neamt it spitich dat Asteriks om finansjele redenen de Blokhúspoarte ferlitte moat. Asteriks kriget gjin strukturele subsydzje en is ôfhinklik fan de entreejilden en projektsubsydzje.
Asteriks hold fan 2009 ôf konserten yn de teäterseal fan de eardere finzenis. Fan 1 jannewaris 2019 ôf sille foar de konserten ferskate, tydlike lokaasjes keazen wurde.

Grutte organisaasjes

Yn de earste jierren koe Asteriks de holle boppe wetter hâlde, omdat CareX, doetiids de ferhierder, allinnich in ûnkostefergoeding frege. No't de Blokhúspoarte in kommersjele funksje krigen hat, binne de nije hierprizen neffens Ilicic net mear op te bringen.
Sy wiist dêrby op it feit dat it gebou hjirtroch hieltyd mear in bolwurk wurdt fan grutte organisaasjes dy't de hegere hier wol betelje kinne, mar dat foar lytsskalige kreative ûndernimmers hieltyd minder plak is.