Thialf-direkteur oer iisprobleem: "Op het goede spoor nu"

03 okt 2018 - 09:12

Direkteur Marc Winters hat der fertrouwen yn dat de problemen mei it iis yn reedrydstadion Thialf op It Hearrenfean ynkoarten ferholpen binne. Winters reagearret dêrmei op krityk fan ferskate reedriders op de kwaliteit fan de baan. "Thialf-onwaardig", neamde Douwe de Vries it iis.

Winters erkent dat der in probleem is. "Ja, dat klopt. Daarbij moet wel onderscheid gemaakt worden tussen de kwaliteit en de continuïteit van het ijs. Met het laatste staan we voor een uitdaging."

Wêr bestean dy problemen dan út?

"Doffe plekken. Een soort waas. Als er iets mis is, zit er 'iets' in het ijs. Dan moeten we uitzoeken wat het precies is en waar het vandaan komt." Winters wit hoe dy problemen oan te pakken. "Door aannames te testen, sluiten we uit wat het niet is. Op die manier wordt het net steeds kleiner." Sa hopet er dat de oarsaak úteinlik oan it ljocht komt.

Direkteur Marc Winters oer probleem Thialf-iis

Goede spoor

De Thialf-baas ferwachtet dat it probleem oplost is foar de start fan de earste grutte wedstriid, it World Cup Kwalifikaasjetoernoai op 2, 3 en 4 novimber. "We hebben de laatste weken het gevoel dat we op het goede spoor zitten. We hebben al wat aanpassingen gedaan. Ik heb er alle vertrouwen in dat de komende weken progressie gaan boeken."

Trefwurden: 
Thialf iis Marc Winters
(advertinsje)
(advertinsje)