Kollum: "Slach ferlern"

"Sil ik ek ris út de kast komme? Ik moat tajaan dat ik noch nea by in Slach by Warns-betinking west ha. Elke nije ferslachjouwer fan Omrop Fryslân waard dêr altyd in kear, dat wie genôch, hinne dirigearre. Ik ha my altyd wat efter de sport ferskûle, ik koe noait.
Dy betinking is nammentlik altyd op de sneon dy't it tichtste by 26 septimber sit. Altyd wannear't ik de reportaazjes fan de kollega's hearde of seach, wie ik wol lokkich dat ik net hoegd hie.
Eelke Lok © Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Dêrtroch wit ik net hokker minsken dêr altyd binne op dy ivige Fryske tsjerketsjinst sa't in LC-ferslachjouwer dit jier skreau. Tusken de hûndertfyftich en twahûndert minsken binne der. Altyd deselden. In soarte fan reüny wêrby't it Frysk folksliet songen wurdt, wêrnei't se folspuite wurde mei Frysk selsrespekt.
It is wol logysk dat tusken 1345 en 1500 elk jier Friezen nei dy dyk giene om te betinken dat se op dy 26ste septimber yn 1345 graaf Willem IV fan Hollân de see wer yn joegen. Sa wiene de Friezen wer in pear jier frij folk.
Dy slach is noch in hiel yngewikkeld ferhaal. Dy Friezen wiene wat tûker as dy Hollanners, ferdielden se. Eins is it measte by Starum bard, mar yn de jierren dêrnei woene de Starumers gjin gewoane Friezen mear yn de kroech. Dus doe moasten se foar sa'n betinking nei Laaksum by Warns. Dat kafee stiet dêr noch.
Ferjit net dat Friezen fjochtsje moai wurk fûnen. Hollanners fuort? No, dan sloegen se elkoar mar de harsens yn. De iene partij neamde harsels Fet, de oare Skier. Doe't de measte Friezen wol dea wiene, koe Albrecht van Saksen de rest fan it folkje maklik de frijheid ûntnimme. Doe giene se mar net mear nei Laaksum.
Dyselde Saksen ha ús yn de Twadde Wrâldkriich wer wekker skodde. Fan 1945 ôf waard de Slach wer betocht. Wêr't kommunist Gerrit Roorda in tsjokke stien delsmiet, dêr't op stie dat Friezen leaver dea as slaaf binne. Dat bûnze yn ús ieren om.
Ofrûne sneon stiene se der wer te brûzen en sieden. Der is in mikrofoan, dus der praat immen. Se kamen wer net fierder as de âld-foarsitter Roel Falkena. Dy seach om him hinne, seach dy hûndertfyftich man en sei dat de Fryske mienskip te beheind is. Jehannes Kramer andere mei syn oerbekende tekst: 'We sille der nei sjen.'
No hat Fryslân mei de ûnfryske Kulturele Haadstêd in kwak miljoenen útjûn om nei it wurd klunen no ek it wurd mienskip yn it wurdboek te krijen. Wý ha mienskiplik al dy foarstellingen besjoen. Wý ha mienskiplik wurke oan it kulturele jier. Wý ha dêrfoar mienskipsjild útjûn. En wý sjogge no mienskiplik hoe't dat fierder moat.
En no sizze sý ynienen by de Slach dat dy mienskip der net is. Se bedoele fansels dat se fine dat de Fryske taal hieltyd mear tebek rint. En ja hear, dat leit, sizze se, oan dat hjir allegearre Hollanners en oaren komme te wenjen en dy wolle net dat we Frysk prate.
Dus we betinke by de Slach, dat we de Hollanners wer de see ynjoegen en dan sizze we dêr dat dy ús no dochs ynnaam ha en ien fan ús lêste frijheden ôfpakt ha. Flean op!
Wy sjonge net mear it bêste lân fan d'ierde, teminsten net yn it Frysk. We binne inkeld noch oan it ivich hottefyljen oer dat je taalbelied ha moatte om it Frysk wer wat mear te brûken.
Neat gjin belied! Gefoel! Gefoel foar eigen taal, mar ek respekt foar al dy oaren, Hollanners en bûtenlanners, dy't hjir komme, it hjir moai fine, mar ús taal net machtich binne.
Selsrespekt prima, mar dat geseur keart oaren folle fierder fan it Frysk ôf. Sjoch yn de spegel!
Sjoch, ik koe sneon wer net komme by de Slach. Ik siet by Menno Sappé op syn skip. Dy hold op as pontbaas by ús en dêr dronken we in buorrel op. Hy is 75. Doe kaam der in Hollanner binnen dy't dêr by ús wennet. Hy ferstiet yntusken Frysk. Hy hie by de Slach-betinking west.
"Leuk", sei er, "maar waar gaat het eigenlijk allemaal over?" Ik soe it net witte, jong."