Molkwar wol toerisme brûke om doarpskeamer te rêden

03 okt 2018 - 07:13

Molkwar wol in belibbingssintrum yn it doarp en in toer as 'landmark' oan de Iselmar om harren doarpskeamer te rêden. Yn Molkwar sit it lytse doarpshûs yn it gebou fan de sûnt dit skoaljier leechsteande basisskoalle It Swannenêst.

It doarp makket him dêrom soargen oer harren moetingsplak, ek omdat sy sels noait de fêste lêsten fan it hiele gebou betelje kinne.

Dêrom wol it doarp in folslein nij gebou mei dêryn in belibbingssintrum en in nije doarpskeamer. Dêryn soe romte wêze kinne foar de kultuerhistoarje, it lânskip en de natuer fan de streek, mar in archeologysk draachpunt kin ek. In partner fan bûten soe dat mei oppakke moatte.

De komst fan sa'n sintrum moat it mooglik meitsje om in doarpskeamer te behâlden foar it doarp.

Toeristen

Ien en oar stiet mei de komst fan toeristen. Dêr binne der best in soad fan oan de Iselmarkust. Om dúdlik te meitsjen dat der yn it doarp wat te belibjen is, soe der in toer komme moatte by de âld slûs op de dyk as in landmark.

Yn de fyftiger jierren hat dêr ek al in toer stien, mar dy is ôfbrutsen. Minsken kinne de toer fan fierôf sjen en kinne op de toer genietsje fan in moai útsjoch.

It plan kin allinnich realisearre wurde wannear't Súdwest-Fryslân meiwurkje wol. De gemeente is eigener fan it skoalgebou.

Koartlyn hawwe boargemaster en wethâlders besletten it skoalgebou út de iepenbiere ferkeap te heljen. Sy wolle om tafel mei de plannemakkers.

(advertinsje)