Waadhoeke earste Fryske gemeente mei ANWB AutoMaatje

03 okt 2018 - 06:31

De gemeente Waadhoeke set saneamde AutoMaatjes yn mei de bedoeling âlderein mear út hûs te krijen. De AutoMaatjes binne frijwilligers dy't as taksysjauffeur ynset wurde kinne om âlderein nei bygelyks moetingssintra of in sikehûs bringe te kinnen.

It inisjatyf is in Fryske primeur. It konsept komt fan de ANWB en yn hiel Nederlân binne der al 75 gemeenten dy't de AutoMaatjes ynsette. Fan moandei ôf kinne minsken yn de Waadhoeke ek in AutoMaatje oanfreegje.

AutoMaatje - Foto: Omrop Fryslân

Wolle jo no ek gebrûkmeitsje fan in AutoMaatje, dan kinne jo belje nei 06-18422894 of in e-mail stjoere nei automaatje@deskule.nl.

Trefwurden: 
Waadhoeke ANWB AutoMaatje
(advertinsje)
(advertinsje)