GGD begjint mei faksinearjen 14-jierrigen tsjin deadlike baktearje

De GGD begjint mei it ynintsjen fan bern fan 14 jier tsjin it deadlike meningokokfirus. Dat firus komt hieltyd mear foar en feroarsaket bloedfergiftiging en harsenfluesûnstekking, mei yn guon gefallen de dea as gefolch. Dit jier krije allinne bern dy't yn 2018 tusken 1 maaie en 31 desimber 14 jier âld wurde de faksinaasje.
© ANP
De bern dy't dit jier yninte wurde, binne faker drager fan de baktearje, seit de GGD, en dêrom krijt dizze groep no earst in faksinaasje. Sa hopet de GGD dat de baktearje him minder rap ferspriedt. De baktearje wurdt bygelyks ferspraat troch prûsten.
Bern dy't tusken 1 jannewaris en 1 maaie 14 jier âld waarden, wurde yn 2019 yninte.

"In ferriederlike sykte"

Hetty Frodl is dokter by it faksinaasjeprogramma fan de GGD. Neffens har is it in ferriederlike sykte. "Je hoeft er niets van te merken dat je de bacterie bij je draagt. Het komt vaak zonder verschijnselen."
De baktearje wie earder noch net yn it lân en derom begjint de GGD no pas mei it ynintsjen. "In dit jaar zijn er 78 ziektegevallen geconstateerd met deze bacterie. Er zijn 18 mensen aan overleden", seit Frodl. Der is sprake fan in taname, en dêrom moat der no faksinearre wurde. Dat hat de minister bepaald nei advys fan de Sûnensried.

Risikogroepen

Yn 2019 wurde alle bern fan 15 oant en mei 18 jier âld oproppen foar in faksinaasje, plus de 14-jierrigen dy't dit jier net oproppen binne. De bern binne net de iennige risikogroep. Lytse poppen falle der ek ûnder. "Kleinere baby's worden al sinds mei van dit jaar ingeënt", seit Frodl. It faksin biedt beskerming tsjin meningokokken types A, C, W en Y.
Frodl riedt âlden oan om harren bern wol ynintsje te litten, mar se lit alle âlden wol in eigen kar meitsje. "De Gezondheisdraad geeft aan te vaccineren tegen deze bacterie, wie ben ik dan om dat niet te doen", seit Frodl. De GGD hopet op in hege opkomst. "Elders in Nederland was er een opkomst van 85%. Hier weten we het nog niet."