Maarten van der Weijden dûkt de Fryske teäters yn

02 okt 2018 - 23:53

Swimmer Maarten van der Weijden komt mei in teätertoer om te fertellen oer de swimtocht dêr't er miljoenen mei ophelle foar kankerûndersyk. Dat sei er yn it telefyzjeprogramma Pauw. De toer begjint yn Dokkum, en einiget yn Ljouwert.

Foto: ANP

Van der Weijden besocht yn augustus om yn ien kear de Fryske alve stêden by del te swimmen, om jild op te heljen foar kankerûndersyk. Dokkum hat er noait helle. Yn Ljouwert wie er begûn. Nei 163 kilometer koe Van der Weijden net fierder en moast er de tocht opjaan.

Van der Weijden wol no alve Nederlânske teäters by del. De toer begjint op 12 jannewaris, yn Sense yn Dokkum. Op 15 febrewaris is de lêste foarstelling yn de Harmonie yn Ljouwert. Der binne ek optredens yn ûnder oare Grins, Amsterdam en Rotterdam.

Fan alle kaarten dy't er ferkeapet, giet alve euro de kaart nei it goede doel. Yn de teäters sil Van der Weijden ûnder oare fertelle hoe't er him taret hat, en hoe't er de tocht belibbe.

(advertinsje)
(advertinsje)