Markant fraksjefoarsitter en 'fêste wearde yn de ried fan Ferwerderadiel' ferstoarn

02 okt 2018 - 23:31

De fraksjefoarsitter fan de FNP yn de gemeente Ferwerderadiel is ferstoarn. Dat meldt de partij. Bauke van der Heide wie mear as 30 jier lang fraksjefoarsitter. Hy is 77 jier âld wurden. Van der Heide wie slim siik.

Foto: Alex de Haan

Van der Heide ferlear koartlyn in dierber famyljelid, meldt de FNP, mar hy hold de kop der foar. "As it heal kin, wol ik yn desimber al nei de lêste riedsgearkomste fan Ferwerderadiel", sei er twa wiken lyn. Op 28 septimber kaam er te ferstjerren.

Ferwerderadiel giet yn jannewaris op yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân, mei Dongeradiel en Kollumerlân.

Van der Heide hie sels yn earste ynstânsje grutte muoite mei de weryndieling, mar doe't er seach watfoar útdagingen Ferwerderadiel te wachtsjen stiene, waard it him dúdlik dat syn lytse gemeente it mei de tiid net mear oprêde koe, en stimde hy der mei yn.

Filosoof fan de klaai

Neffens de FNP wie Van der Heide in markant persoan, en ien fan de fêste wearden yn de ried fan Ferwerderadiel. De earste jierren foarme hy in ienmansfraksje, mar fan 2006 ôf feroare dat. Doe krige de FNP in twadde sit yn de ried.

Sûnt 2010 makket de FNP diel út fan it kolleezje. Foar Van der Heide moast dat wol even wenne. Fan opposysjepartij nei koälysjepartij is in hiele feroaring.

Van der Heide hie kennis oer de meast útienrinnende saken, en dat liet er yn de riedsgearkomsten ek dúdlik merke. Hy hold him benammen dwaande mei romtlike oardering, ferkear, keunst en kultuer.

Van der Heide wie in filosoof fan de klaai. Hy moast neat hawwe fan megalomane projekten en glêde praters, meldt de FNP. Syn krêft wie neffens de partij dat er ticht by de minsken stie.

Yn de gemeenteried sil er opfolge wurde troch Marco Kramer fan Hallum.

(advertinsje)