Fryslân: "Minister Slob moat ûnderwiisjild earliker ferdiele"

02 okt 2018 - 22:59

Underwiisminister Arie Slob moat by de ferdieling fan it jild foar it fuortset ûnderwiis folle better sjen nei de lokale sitewaasje. Dat seit de Fryske deputearre Johannes Kramer. Woansdei debattearret de Twadde Keamer oer de ferdieling fan it jild.

Minister Arie Slob - Foto: ANP

Neffens Kramer hat Den Haach fierstente min each foar de sitewaasje yn de provinsje. "Yn ús regio ha de ûnderwiisynstellingen it dreech. Fusearje is dan in opsje, dus fan twa skoallen nei ien skoalle, om sa goed ûnderwiis foar de regio te behâlden.

Mar it systeem fan it ministearje is sadanich, dat dy twa skoallen apart mear jild krije as ien skoalle. Dat is in rem, en in straf op gearwurking", seit Kramer. Foar skoallen is it ekstra yngewikkeld, omdat de provinsje fúzjeplannen faak oanmoediget.

Krimpcheck

Kramer wol dat de Haachske polityk in saneamde krimpcheck hâldt. Dat hâldt yn dat der yn bepaalde gebieten yn Nederlân ekstra nei sjoen wurdt hoe't de skoallen yn it fuortset ûnderwiis der foar steane.

"It giet net allinne om de learlinge-oantallen," seit Kramer, "wy fine it ek belangryk dat it ûnderwiisoanbod op de skoallen goed bliuwt. Dat kin sa no en dan allinne troch gearwurking, of fúzje, en dêr mei gjin straf op stean."

De deputearre wol dat de krimpcheck net allinne foar Fryslân jildt, mar ek foar Seelân, Limboarch, en de Achterhoeke. Dêr ha skoallen it ek dreech.

(advertinsje)