Sinezen kieze Ljouwerter iishal foar Olympyske trainingsrûntsjes

02 okt 2018 - 22:21

Sineeske reedriders binne yn Nederlân dwaande mei de tariedingen foar de Winterspelen fan 2022 yn Bejing. Yn augustus binne der hûndert Sinezen nei Nederlân kaam om te sjen hoe't wy hjir oan ús reedrydmedaljes kommen binne. Dy wolle se sels ek graach ha.

De Sinezen wurde traind troch Arie Koops. Hy wie earder technysk direkteur by de KNSB. Hy fynt net dat er de Nederlânske geheimen ferklapt. "Die kennis is niet geheim. Nederland heeft een jarenlange traditie van langebaanschaatsen. Dat haal je niet zomaar in als China. Laten we eerst maar alle andere landen proberen te verslaan en dan misschien Nederland."

Koops trainde tiisdei yn de Elfstedenhal yn Ljouwert mei sa'n 40 Sinezen tusken de 15 en 19 jier.

Talinten, gjin Sven of Ireen

Sina hat meidien oan alve Winterspelen, en kwealik medaljes helle. Neffens Koops sitte der wol talinten by, dy't yn 2022 op it poadium komme kinne. "Maar voor alle duidelijkheid, er zitten geen grootheden als Sven Kramer en Ireen Wüst bij."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De training is spesifyk foar it langebaanriden op de 400 meter. De Sinezen komme út it shorttrack en inlineskaten, en dat is net hielendal itselde. It kommunisearjen is ek dreech. Der binne wol tolken by, mar Koops docht in protte mei hângebearten. En foardwaan, dat wurket ek.

Fjouwer jier traine

Yn prinsipe bliuwe de Sinezen yn Ljouwert trainen oant 11 oktober, dêrnei sille se nei Alkmaar. Se moatte begjin novimber werom nei Sina, want dan is harren wurkfisum ôfrûn.

Koops is no dwaande om in oare fergunning foar se te regeljen, sadat se fjouwer jier lang yn Nederlân bliuwe kinne om te trainen. Dêrnei moatte se yn eigen lân flamme.

Nederlân hat by de Olympyske Spelen fan 2018 yn Súd-Koreä 20 medaljes helle. Allegearre op it iis. Der wienen acht gouden medaljes by. Dat is in rekôr foar Nederlân.

(advertinsje)