Fries Museum wit neat oer komst fan pimelfontein, mar wol der wol oer prate

02 okt 2018 - 22:03

It Fries Museum hat noch gjin kontakt hân mei de makkers fan de Pauperfontein. Dy fine dat de fontein in plak yn it museum fertsjinnet. "We hebben geen verzoek ontvangen", seit de direkteur fan it museum. Hy wol de fonteinebouwers wol útnûgje foar in petear.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De Pauperfontein bestiet út mear as 200 houten pimels. It is in protestaksje tsjin it 11Fountains-projekt. De bouwers fan de Pauperfontein fine dat de ynwenners fan de 11 stêden dêr't sa'n fontein kaam is, dêr net genôch ynspraak yn hienen.

De fontein kin net foar altyd bûten stean bliuwe. It keunstwurk kin net tsjin waar en wyn. De inisjatyfnimmers kundigen moandei oan dat de fontein in plak yn it Fries Museum fertsjinnet. Direkteur Kris Callens wol dêr wol oer prate, mar sa'n petear kin net op stel en sprong plakfine, seit er. "Dat wordt pas volgende week."

Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg
(advertinsje)