Unbekende etsen fan Jentsje Popma dûke op foar 'skandalich leech pryske'

02 okt 2018 - 21:50

Der binne twa ûnbekende etsen fan de ferneamde keunstskilder Jentsje Popma opdûkt. In keunsthanneler kocht de beide wurken op Marktplaats fan in man út Antwerpen dy't der wat oan fertsjinje woe. De etsen kosten de hanneler 45 euro. In skandalich leech pryske, seit de hanneler.

Om derachter te kommen oft de etsen echt fan de no 97-jierrige keunster binne, binne der foto's fan makke. Dy binne toand oan de skilder.

Popma koe de beide etsen werom. Se stelle twa froulju foar. Popma fertelde dat er se makke hat yn 1941, yn Rotterdam, doe't er dêr op de Akademy foar Byldzjende Keunsten siet.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De etsen binne kocht troch keunsthanneler Taco Popma, fan It Hearrenfean. Hy is fiere famylje fan Jentsje Popma. As keunsthanneler makket er it noait mei dat fia Marktplaats unike stikken boppe wetter komme, seit er.

Popma is tige wiis mei syn oanwinsten. Hy sil ynkoarten by de skilder op besite om de etsen yn it echt sjen te litten. De hanneler wit net hoefolle de keunstwurken no wurdich binne. Hy sil se restaurearje en opnimme yn syn eigen priveekolleksje.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Jentsje Popma waard op 30 septimber 1921 berne yn Zwolle. Hy hat studearre in Rotterdam en Amsterdam. Yn de jierren santich joech er les yn boetsearjen en skilderjen oan de Alademy Minerva yn Grins.

Popma makke as byldzjend keunstner in protte 'wandreliëfs' en frijsteand wurk. Yn de jierren tachtich lei er him ta op it skilderjen fan lânskippen. Hy wennet no yn Ljouwert.

Trefwurden: 
skilder Jentsje Popma etsen
(advertinsje)