Epke Zonderland is noch net mei ruften oan it oefenjen

Epke Zonderland en syn frou Linda Steen sjogge bot út nei de komst fan har earste berntsje. Dat sei Zonderland yn it radioprogramma Weistra op wei fan Omrop Fryslân. Yn juny makke Zonderland fia twitter bekend dat syn frou yn ferwachting wie.
Syn frou wurdt al wol wat swierder, seit Zonderland. "Mar se kin noch in protte dwaan. Se ûndernimt noch in protte. En fansels sjogge we bot út nei it momint dat it berntsje der is."
De poppekeamer is foar it grutste part klear, seit Zonderland. Mar mei ruften is er noch net oan it oefenjen. It pear troude yn 2016. Dit wurdt it earste berntsje.
Epke Zonderland op in gala yn it Ziggo Dome © ANP
De Olympysk turnkampioen moete Steen foar it earst yn 2010, op It Hearrenfean. Dêr binne se ek troud, en no wenje se der. Op fakânsje in Marrakech frege Zonderland Steen oft se mei him trouwe woe. De houliksreis gong nei Afrika.
Zonderland mei him sûnt koart offisjeel dokter neame. Nei 12 jier is er klear mei de stúdzje genêskunde. Hy hopet yn 2020 oan de Olympyske Spelen mei te dwaan.
Epke Zonderland en Linda Steen © ANP