Littenseradiel hâldt gemeente Ljouwert amperoan út de reade sifers

De gemeente Ljouwert ferliest in soad jild op de ferhier fan wurkromten yn de Westerkerk (teäter Romein), de Doperkerk en it Wetsusgebou. Dat docht bliken út in tuskentiidske rapportaazje oer de begrutting. It giet om in bedrach fan 200.000 euro.
Ljouwert © Ruben van Vliet
De gemeente is eigner fan de wurkplakken, en ferhiert se. Neffens de gemeente is der sprake fan leechstân. Wetsus-direkteur Johannes Boonstra sprekt dat tsjin. Yn it gebou der't Wetsus sit binne hast alle romten beset.
Yn de Doperkerk is dat in oare ferhaal: "Dêr is wol sprake fan leechstân. Dat hat mear te krijen mei it feit dat it dreech ferhierbere romten binne", seit Boonstra.
Foar it saneamde sosjaal domein, bygelyks de jeugdsoarch en de WMO, is de gemeente Ljouwert dit jier 12,5 miljoen euro ekstra kwyt. Dat wie al ferwachte en dêr wie al jild foar achterútlein. Dochs wol de gemeente besykje noch wat werom te krijen fan it Ryk.
Dy hat in saneamde 'stroppenpot' dêr't gemeenten mei tekoarten in berop op dwaan kinne. Earder waard al bekend dat de gemeente Ljouwert goed 800.000 euro mear kwyt is oan de komst fan de reuzen fan Royal de Luxe.
Der is ek in meifaller: de weryndieling mei Littenseradiel smyt in foardiel op fan hast 1,3 miljoen euro.
It ferwachte einresultaat oer 2018 is dan ek amperoan posityf: de gemeente hâldt twatûzen euro oer. Dat jild giet nei de algemiene reserves.