Hee Epke, wa is de echte Flying Dutchman? Do of ik?

"Hee Epke, jij vliegt toch zo graag? Vlieg jij mij voorbij? Of durf je soms niet?" Dat freget de 31-jierrige turner Erik van Loenen út Vaassen oan de Lemster topatleet Epke Zonderland. Van Loenen hat in ferstanlike beheining. As turner hat er al mear as 50 medaljes helle.
Yn totaal binne der 14 atleten, krekt as Erik mei in beheining, dy't likefolle topatleten útdaagje. It is in kampanje fan de Special Olympics. Dat binne de Olympyske Spelen foar minsken mei in ferstanlike beheining. Se wolle dat minsken mei en sûnder beheining faker mei mekoar sporte.
Zonderland mei der noch in nachtsje oer sliepen, mar hy giet de útdaging oan. "Dat is hartstikke leuk, dêr hoech ik net lang oer nei te tinken. Ik ha sels prachtige ervaringen mei minsken mei in handicap. Oer it algemien binne se hiel entûsjast."
Epke Zonderland op it NK turnjen yn Ahoy © ANP
"It liket my geweldich as Erik hjir yn de hal te komt. Ik tink dat we in protte fan mekoar leare kinne", seit Zonderland. Erik giet takom jier nei de wrâldgames yn Abu Dhabi. "Miskien dat ik tink dat ik him noch wol in pear tips jaan kin!"
Mei inoar sporte is belangryk", seit Zonderland. "Ik tink dat we dêr no noch kânsen yn lizze litten. Dat we minsken mei en sûnder beheining te bot skiede. Yn it bûtenlân wurde teams kombinearre. Dat is in hiele leuke ûntwikkeling."
Epke Zonderland
De kampanje is hurd nedich, seit Ragna Schapendonk. Se is de direkteur fan Special Olympics Nederlân. "Vaak sporten onze Special Olympics-sporters afgezonderd, waarmee we bedoelen: op een aparte avond en een apart veld. En dat is een gemiste kans. In een wereld die verhardt en polariseert ontstaat uiteindelijk een onbegripvolle en afkerende samenleving."

"Echte waardering wordt niet voelbaar"

"Voor mensen met een verstandelijke beperking is sport een ongelofelijk belangrijk middel om zichzelf te ontplooien, eigenwaarde te ontwikkelen en te laten zien waartoe zij in staat zijn. Toch sporten zij afgezonderd. Waardoor de echte waardering, echte integratie en echte impact van sport voor hen niet voelbaar wordt."
Foar minsken sûnder beheining soe it ek better wêze om mei inoar te sporten: "Het is een groot gemis om niet in aanraking te komen met het pure en onbevangene van sporters met een verstandelijke beperking."