Bestjoerder kraanwein frijsprutsen foar deadlik ûngelok

De rjochtbank hat in man út Minnertsgea frijsprutsen fan it feroarsaakjen fan in deadlik ûngelok, trije jier lyn. De man wie op de Hearewei by Minnertsgea mei syn kraanwein útwykt foar in hurdfytser dy't him yn de mjitte kaam. Hy hie oer de holle sjoen dat der in frou mei in fyts yn de berm stie.
De frou waard rekke troch de rjochterfoarbân fan de kraan en rekke swier ferwûne. In moanne letter ferstoar se. De rjochtbank fynt dat der sprake wie fan in hiele ûngelokkige kombinaasje fan omstannichheden, dy't de kraansjauffeur net oan te rekkenjen binne.
It slachtoffer siet yn de deade hoeke foar de man, dat kaam troch de gyk fan de kraan. Boppedat hie de man syn oandacht by de fytser dy't him yn de mjitte kaam.
It is neffens de rjochtbank mar de fraach oft er yn it koarte skoftsje tiid dat er it slachtoffer miskien sjen kinnen hie, wat dwaan kinnen hie om har te ûntwiken.