Fryske Anjer giet nei Leeuwarden-Fryslân 2018

02 okt 2018 - 17:09

De Fryske Anjer 2018 giet dit jier nei Leeuwarden-Fryslân 2018, Kulturele Haadstêd. Mar it Prins Bernhard Cultuurfonds wol noch fan de Friezen witte wa't of wat de priis krije moat.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

"Iedereen die zich heeft ingespannen voor Culturele Hoofdstad kan worden voorgedragen," leit Hans Boekhoven, vice-foarsitter fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân út. "Er zijn zoveel onderdelen, van alle Under de Toerprojecten en de Reuzen, maar ook vele andere kleinere voorstellingen. Wij vragen de mienskip om ons aan te geven wat ze prachtig vonden. Uit die inzendingen gaan we de winnaar kiezen. Dat kan dus een persoon zijn of een voorstelling, iedereen die actief bij LF2018 is."

Oare wurkwize

Dizze wurkwize is oars as oars. "We hebben gemeend om het zo te doen in het kader van LF2018, omdat daar dit jaar de focus op ligt." It fûns hat ek in heal miljoen euro yn tal fan projekten stutsen, en wol sa wat werom dwaan.

De ynstjoering slút heal novimber. Op 7 desimber wurdt de Fryske Anjer bekendmakke. De winner krijt 2.500 euro.

Minsken kinne reagearje fia de webside fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân.

(advertinsje)