Wethâlder Janny Schouwerwou hâldt fuortendaliks op

Janny Schouwerwou hâldt op as wethâlder yn de gemeente De Fryske Marren. Om sûnensredenen kin se de gemeente net mear bestjoere, sa as se dat wolle soe, seit se. Se hâldt fuortendaliks op.
Janny Schouwerwou © CDA
"Mei pine yn it hert lis ik myn taken del," seit Schouwerwou. "Ik wol myn wurk as wethâlder goed en ferantwurde dwaan kinne. Mei de sûnens fan hjoed-de-dei slagget my dat net."
Janny Schouwerwou (CDA) hat earst wethâlder west yn de eardere gemeente Skarsterlân, en letter yn De Fryske Marren. Se wie belutsen by de gemeentlike weryndieling, en foar de oergong fan it sosjaal domein. In protte taken binne fan de ryksoerheid nei de gemeente gongen.
Boargemaster Fred Veenstra fynt it spitich dat Schouwerwou om sûnensredenen ophâlde moat. "Se wie net allinne in besile en belutsen bestjoerder, mar ek in tige wurdearre kollega. We sille har misse yn De Fryske Marren."
It gemeentehûs fan De Fryske Marren © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It is noch net dúdlik wa't de opfolger wurdt fan Schouwerwou. It CDA sil op syk nei in geskikte kandidaat.