Resinsje film Wad: "Hiel efkes wie dêr de emoasje"

02 okt 2018 - 16:15

Ljouwert-Fryslân is Kulturele Haadstêd fan Europa en dus stiet ús provinsje yn 2018 bol fan de kulturele eveneminten. Toaniel, teäter, muzyk, festivals en gean mar troch, it kin net op. Dêrom stjoere we ús omroppers nei ferskate fan dizze eveneminten ta as resinsint.

Ruben Smit sprekt it publyk ta. - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Wa bisto?
Afke Boven

Wat is dyn funksje by Omrop Fryslân?
Ik bin presintator en ferslachjouwer

Wat hasto mei kultuer?
It is ûnderdiel fan wa't we binne en ik fyn it hearlik om my ûnder te dompeljen yn bysûndere ferhalen

Wêr hast hinne west?
De natuerfilm 'Wad'

Hoefolle stjerren joust dizze foarstelling?
6 fan de 5, mar dat kin tink net? No, doch dan mar 5.

Foto: Omrop Fryslân, Afke Boven

Myn âlden hiene op it Amelân in rûnfeartbedriuw nei de seehûnen. Mei in soad soarch ha se desennialang de bisten yn harren eigen omjouwing sjen litten oan it publyk. Fiif minuten foar de boat it reservaat yn gie, soarge myn heit dat it mûsstil waard oan board. Mei de motor en de minsken út kinne je tichtby komme. Dy loaie bisten ronkje wol troch dêr op harren stikje sânbank.

Prachtich moai fansels, mar doe't ik in jier as njoggen wie en al tsientûzenen eksimplaren op it netflues hân hie, koe ik gjin seehûn mear sjen. Ik hoegde net mear mei, mocht allinnich thús bliuwe as heit en mem wer op 'en paad moasten.

No soe ik graach wer tûzenen seehûnen foarby kommen sjen. Sa giet it blykber as je âlder wurde. Âlde leafde rustket nea.

De film Wad. As âld-Amelanner sitte je dan dochs wol wat mei mingde emoasjes yn it saneamde reade plús fan de filmseal, of eins it swarte klapstuoltsje fan it WTC. Sels wat mei de billen by mekoar knypt, want wat krij ik te sjen dêr op dat grutte skerm yn it dekôr fan De Stormruiter?

Seehûnepup - Foto: Shutterstock.com

Jeugdsentimint

Wurdt it in konfrontearjend byld fan it gebiet dêr't ik opgroeid bin? Bylden fan in troch klimaatferoarings teistere 'voedselketen'? Ryd ik aansens nei hûs mei in holle fol soargen of kin ik my rêstich ûnderdompelje yn jeugdsentimint? Fan it iene 'ahh' momint yn it oare.

Ik ha se sjoen. Faak en fan hiel tichtby. Strânljippen speurend lâns de wetterkant, pieren yn de waadgrûn, sângrillen, eiders, bercheinen. Seehûnen dy't mei mekoar boartsje, fjochtsje, flirte. Mar njoggen fan de tsien kear, seach ik se nea sa as yn Ruben Smit syn film.

Sûnder iennige foarm fan fersteuring: der komt gjin minsk of gebou yn byld. It is de natoer 'pur sang', yn geef Frysk. De sênes folgje mekoar yn rap tempo op. Ferskate ferhaallinen rinne troch mekoar hinne, der bart genôch.

De iene kear binne we op it lân, dan wer yn it wetter. En dêr sit ek it knyppunt. As je hûnderten oeren oan byldmateriaal ha, dan wolle je safolle mooglik sjen litte. Dat betsjut dat guon sênes my wat te gau ôfkapt wurde en dat de ferhalen somtiden ynienen klear binne.

Ruben Smit op de Kalkman yn de Waadsee. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Kop en kont

En ik siet der krekt sa lekker yn. Stikken oer bygelyks de fuortplanting fan skelpen en seldieling fan de meast lytse wetterbistjes, ha foar my noch in iepen ein. Wy witte fansels allegear wol hoe't it wurket, mar ik hie dochs graach in kop en in kont (dat bedoel ik net perfoarst letterlik hin!) oan sa'n sêne hân.

Dat ûntbruts hjir en dêr, dus freegje ik my efkes lûdop ôf oft de keunst dan net yn it fuortlitten sit. Mar hee, dat is geëamel yn de marzje. It is in prachtfilm. Fan it iene moaie shot oer yn it oare, dus ik koe ûntspanne en my oerjaan.

Hiel efkes wie dêr de emoasje, yn de lêste minuten doe't de tekst oer it wrâldwide belang fan ús Waadgebiet ferskynde. It die my tinken oan in ferske fan Country-sjongeres Lee Ann Womack: 'If you're looking for love, you're looking too hard. You can't see that what you need, is right in your backyard.'

Wy sykje somtiden te bot en te fier, sjoch earst marris nei wat we yn de achtertún ha. Ruben Smit hat dat hiel goed begrepen.

Trefwurden: 
film resinsje Wad
(advertinsje)