Buorkje foar begjinners: tsien kear foar de earste kear

02 okt 2018 - 15:44

Omrop Fryslân stjoert fan woansdei 3 oktober ôf in nij programma út: Buorkje foar begjinners. Yn it programma sil Emiel Stoffers, bekend as sjonger fan De Hûnekop, tsien kear foar de earste kear buorkje.

Sjonger Emiel Stoffers presintearret Buorkje foar begjinners - Foto: Omrop Fryslân

It programma is in gearwurking mei provinsje Fryslân. Deputearre Johannes Kramer, programmamakker Janko Krist en presintator Emiel Stoffers skine harren ljocht op it nije programma.

Deputearre Johannes Kramer hat in dúdlik doel mei it programma, wat is dat doel krekt?

"Om my hinne fernim ik dat de ôfstân tusken boeren en omwenners hieltyd grutter wurdt. Minsken sprekke boeren oan op de gefolgen dy't de lânbou hat foar de omjouwing. Dêr ha we sels as konsumint ek in rol yn, troch oarsoarte produkten te keapjen.

Ik hoopje dat dit programma bydraacht oan mear begryp fan wjerskanten."

Emiel by de skieppeboer - Foto: Omrop Fryslân

Programmamakker Janko Krist, hoe sjochsto dêr tsjinoan?

"Wat wy foaral dogge yn Buorkje foar begjinners is sjen litte wat it buorkjen ynhâldt. Trochdat Emiel fan neat ôf wit en fol fragen sit, leart de sjogger ek. De paadwizer yn it programma wie foar Emiel: alles wat de boer docht soe hy ek dwaan, gjin konsesjes.

En wat my fernuvere, hy die ek werklik alles en joech nearne om. Dat soarget fansels foar hilaryske bylden, mar de sjogger leart der ek echt fan."

Emiel op 'e trekker - Foto: Omrop Fryslân

Presintator Emiel Stoffers is bekend fan De Hûnekop, mar kaam as boer foar nije útdagingen te stean. Wat hat de measte yndruk op dy makke?

"Ik bin opgroeid yn Kollumersweach en as lyts jonkje spaande ik dêr wol om op de buorkerij fan in freon. Mar dit aventoer mei Buorkje foar begjinners is fansels hiel wat oars.

Foaral it momint by de hynstefokker wie bysûnder te neamen. Stie ik dêr ynienen it sperma fan in hynst op te fangen, ja dat makket wol yndruk kin ik dy fertelle."

Emiel by de hynstefokker - Foto: Omrop Fryslân

Buorkje foar begjinners is fan 3 oktober ôf alle woansdeis te sjen om 17.45 oere en dêrnei alle oeren. It programma is makke yn gearwurking mei provinsje Fryslân. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/buorkje.

(advertinsje)