Frou bedonderet tsientallen keapers fan boeken en boartersguod
In frou út It Hearrenfean hat in taakstraf fan 240 oeren krigen, omdat se fia ynternet tsientallen minsken oplichte hat. De frou bea boeken en boartersguod te keap oan op Marktplaats, mei in falske namme en in falsk telefoannûmer, mar wol har eigen rekkennûmer. Keapers betellen, mar krigen neat.
De freon fan de frou wie ek belutsen by de fraude. Hy krige earder in selstraf fan tsien moanne. De frou hoecht fan de rjochter net de sel yn, omdat se in lyts berntsje hat.