Kommissaris Brok hat in hûs kocht yn Frjentsjer

Kommissaris fan de Kening, drs. A.A.M. Brok, ferhuzet ein dit jier nei Frjentsjer. Hy hat in wenning kocht oan de Voorstraat 45. Sûnt syn oantreden as kommissaris, yn maart fan it ferline jier, wennet er yn in hierhûs yn Balk.
Arno Brok © Omrop Fryslân
Oer syn plak yn Balk seit Brok: "In prachtich plak yn in moaie omjouwing mei geweldige minsken. Dat sil ik grif misse. Mar ik woe graach wat keapje, ha in soad hûzen besjoen en tink dat dit it bêste by my past.''
It nije hûs stiet yn it sitrum fan Frjentsjer. "It is in rom hûs. Dat woe ik graach, ek om gasten ûntfange te kinnen.''