Buske rekket op de kop yn de feart neist ôfrit A7 by Aldehaske

By in ûngelok op in ôfrit fan de A7 is tiisdei in bestelbuske yn de feart bedarre. Der sieten twa minsken yn, in man en in frou. Dy binne der op eigen krêft wer út kaam.
© CAMJO Media
Der soene gjin oare auto's by it ûngelok belutsen wêze. It buske wie yn de slip rekke. De brânwacht fan De Jouwer is alarmearre, mar dat alarm is in minút letter alwer ynlutsen. De minsken fan de ambulânse hoegden ek net yn aksje te kommen.
Rykswettersteat hat de ôfrit fan de A7 tusken De Jouwer en Hearrenfean, by Aldehaske, ôfsletten om de bergers de romte te jaan.