'Doutzen Kroes' is gefaarlike sykopdracht

Wa't online siket op it Fryske topmodel Doutzen Kroes, rint grut gefaar om út te kommen op in webside dy't mei skealike software besmet is. Dat seit befeiliger McAfee.
© Shutterstock - Fotomontaazje
Op de Nederlânske ranglist stiet Doutzen op it twadde plak, achter Kim Kardashian en foar Naomi Watts. Op dy ranglist steane foaral bûtenlânske stjerren, mar ek oare Nederlanners lykas Lil' Kleine, Linda de Mol, Max Verstappen, Gerard Joling en Humberto Tan.
Befeiliger McAfee makket alle jierren in ranglist fan gefaarlike stjerren. Yn 2015 wie de Nederlânske dj Armin van Buuren de gefaarlikste celebrity fan de wrâld om op te sykjen.
Oer de hiele wrâld sjoen is aktrise Ruby Rose no de gefaarlikste sykopdracht.
Hoe kin ik dochs feilich Doutzen opsykje online?