Provinsje en gemeenten wurkje gear by brûken fan grûn

02 okt 2018 - 14:36

De provinsje en de Fryske gemeenten wolle mear en better gearwurkje by it fersetten en brûken fan grûn by grutte projekten. Yn it ramt dêrfan is tiisdei op in kongres oer de sirkulêre ekonomy in oerienkomst tekene tusken beide partijen ûnder de namme 'Grip op grond'.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

De provinsje hat al sûnt 2010 in projekt mei de namme 'Grip op Grond'. Dêrby wurdt sjoen oft de grûn dy't by it iene ynfrastrukturele projekt opgroeven wurdt eventueel brûkt wurde kin by in oar projekt. Soms giet dat troch de grûn earst yn opslach (depot) te dwaan en letter yn te setten as it nedich is.

De bedoeling is no om de provinsjale formule fierder út te rôljen rjochting de gemeentes. Neffens deputearre Sander de Rouwe wurdt no by projekten ek wol gearwurke tusken gemeentes en provinsje. Mar dit is faak ôfhinklik fan tûke amtners dy't sjogge dat it kin. Troch de projekten op in webside byelkoar te bringen moat dit struktureel regele wurde.

De kâns bestiet dat de gearwurking by de grûnprojekten ek fierder útrôle wurdt nei oare sirkulêre projekten.

(advertinsje)