Shorttrackster Suzanne Schulting wol ek langebaanride

02 okt 2018 - 13:45

Shorttrackster Suzanne Schulting (21 jier) fan De Tynje rjochtet har it kommende seizoen ek op de lange baan. De kampioen op de 1.000 meter op de Olympyske Spelen yn Pyeongchang slút oan by Team IKO, de ploech fan Jorien ter Mors, de suksesfolle shorttrackster én langebaanrydster.

Foto: Team IKO

"Als meisje droomde ik er ook altijd van om als schaatsster op de Spelen voor de medailles te kunnen gaan. We gaan het zien. Maar, shorttrack blijft op nummer één", sei se tsjin de NOS.

Schulting sil nei de earste wrâldbekerwedstriden shorttrack yn Calgary en Salt Lake City begjin novimber mear oanslute by de langebaanriders. "Ik wil graag stappen maken. Ik ben blij dat mijn coach Jeroen Otter daar ook ruimte voor geeft. Maar de focus blijft op shorttrack. Over vier jaar kan ik ook nog zeggen dat ik graag wil 'langebanen'."

Foto: Glenn Wassenbergh

Team IKO hat ek in nije sponsor krigen: Wienerberger, produsint fan keramyske boumaterialen.

(advertinsje)