Bernesintrum sit mei hannen yn it hier troch Stint-ferbod

02 okt 2018 - 12:27

Bernesintra ha grutte logistike problemen no't se gjin Stint mear brûke meie. Minister Van Nieuwenhuizen hat dat moandei besletten, nei oanlieding fan it ûngelok yn Oss, dêr't fjouwer bern by om it libben kaam binne.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

By bernesintrum De Torteltuin op It Hearrenfean binne fiif Stints. Dêrmei kinne se fyftich bern ferfiere, om se bygelyks fan skoalle nei de BSO te bringen. ""Het besluit valt rauw op ons dak en het is een puzzeltocht om dit nu goed op te lossen," leit eigener Hanny van Lune út.

Yn in Stint passe tsien bern tusken de 4 en 12 jier. Yn in lyts buske seis bern en acht bern yn in gruttere bus. "Voor vandaag kunnen we het regelen en voor de rest van de week lukt dat ook nog wel. Maar het is onduidelijk hoelang we de Stints niet mogen gebruiken."

Se hat wol begryp foar it beslút fan de minister, mar hat sels noait negative ûnderfiningen hân. "We vinden ze veilig, maar kunnen natuurlijk niet om de onderzoeksresultaten heen. Veiligheid gaat voor alles, maar we zitten wel met de handen in het haar."

Bauke Deelstra praat mei de eigeners fan De Torteltuin

(advertinsje)