Douwe de Vries lilk oer iis yn Thialf: "Yn Ljouwert leit no better iis"

02 okt 2018 - 11:28

De iisflier yn Thialf liket noch hieltyd net goed. Reedrider Douwe de Vries fan de Lotto Jumboploech trainde tiisdeitemoarn op it iis en twittere in lilk berjocht de wrâld yn.

It iis is neffens him noch hieltyd "Thialf-onwaardig." De Vries is nei eigen sizzen net de iennige wedstriidrider dy't tiisdeitemoarn op 'e nij lêst hie fan it minne iis. Ûnder oaren Sven Kramer, Kjeld Nuis en Patrick Roest ha de tweet fan De Vries dield.

"It skeelt dy op in rûntsje fan 30 sekonden samar 2 sekonden. Dat is in soad yn de technyske sport dy't it reedriden tsjintwurdich is."

Foto: Martin de Jong

It iis hoecht fan De Vries echt net elke dei op rekôrtiidnivo te wêzen. Mar it is foar wedstriidriders belangryk dat der mei de trainingen in stabile kwaliteit iis oanbean wurdt. "As ik hjoed bygelyks nije redens test hie, dan hie ik se fuortsmiten om't ik tocht hie dat se net wurken. Wylst it dus oan it iis leit."

Der wurdt neffens De Vries ûnder de wedstriidriders in soad oer de iiskwaliteit praat, ek oer it mooglik útwiken nei de Elfstedenhal yn Ljouwert. "Ik kin dy garandearje dat dêr no better iis leit as yn Thialf. Mar we ha allegearre ús húsfêsting ôfstimd op Thialf. Dochs moatte se der no echt wat oan dwaan. We begjinne der elke kear opnij oer, mar sjogge gjin ferbettering. Thialf moat it probleem erkenne en de goeie minsken sykje om it op te lossen."

Ferline wike ûntstie der ek al opskuor oer it iis. By guon riders ûntstie sels skea oan de redens. Thialf-direkteur Marc Winters sei doe dat it om in proef gie en dat it iis oanpast wie.

Douwe de Vries

(advertinsje)