PostNL set twa Stints binnendoar nei ferbod fan minister

02 okt 2018 - 11:02

It distribúsjesintrum fan PostNL yn Ljouwert kin troch de nije regeljouwing oangeande de Stint twa fan dizze elektryske bakfytsen net mear ynsette.

Foto: PostNL

De twa Stints wurde brûkt op ferskate rûtes yn it sintrum fan Ljouwert. Dat past yn de doelstelling om yn 2025 útstjitfrij te riden yn de binnenstêd. Yn novimber soenen mear Stints komme, dat is no foarearst fan de baan.

De Stints wurde foarearst ferfongen troch in elektryske bus en in bus dy't op grien gas rydt. Dêrtroch bliuwt it postbedriuw foldwaan oan de ôfspraken dy't se hawwe mei de gemeente Ljouwert om duorsum te besoargjen. De rûte moat wol oanpast wurde om't de Stint goed te brûken is yn de smelle strjitsjes yn de binnenstêd. In buske kin net oeral komme.

Minister Cora van Nieuwenhuizen hat besletten om de Stint foarearst net te brûken. Se meie net mear op de iepenbiere dyk ride.

(advertinsje)
(advertinsje)