Ljouwerter moat de sel yn nei oanfal mei samoeraiswurd

02 okt 2018 - 10:54

In man út Ljouwert moat fjouwer jier de sel om't er by in rúzje in samoeraiswurd pakte en dat brûkte tsjin twa oare manlju.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens de rjochter is der sprake fan besykjen ta deaslach. De rûzje ûntstie yn maart dit jier op strjitte. Neffens de parserjochter pakte de man it swurd dat oan de muorre hong. Ien man rekke by de oanfal ferwûne.

It 23-jierrige slachtoffer wie in fêste spiler op de stasjonspiano yn Ljouwert. Guon pezen yn ien fan syn earms rekken skansearre, syn pink moast amputearre wurde.

(advertinsje)