Europeesk Parlemint stimt oer stipe foar ûntsleine bankmeiwurkers: sy kinne 900 euro krije

Yn it Europeesk Parlemint wurdt tiisdei stimd oer Europeeske stipe foar ûntsleine bankmeiwurkers út Fryslân, Drinte en Oerisel.
Jan Huitema © Omrop Fryslân, René Koster
It giet, om krekt te wêzen, om in jildbedrach fan 1.192.500 euro út it EFG-fûns foar 'oanpassing oan de globalisearring'. Yn de trije belutsen provinsjes ha yn 2017 mei-inoar 1.324 bankmeiwurkers harren baan ferlern as gefolch fan de finansjele en ekonomyske krisis. Alle wurknimmers soene dan 900 euro krije.
De stipe út it fûns is bedoeld foar it sykjen nei in nije baan, ûntslachbegelieding en oplieding. "Ik stim foar, mar wy binne eins net foar sa'n fûns", seit Europarlemintariër Jan Huitema fan de VVD.
Jan Huitema fan de VVD
It smyt wol wer in fraach op, want troch de krisis ha in soad minsken harren baan ferlern, net allinnich bankmeiwurkers. Wêrom't der foar harren dan wol sa'n fûns komme moat? "Dat is presys de reden wêrom't wy net foar sa'n fûns binne", seit Huitema. "It moat de ferantwurdlikens wêze fan de lidsteaten en de banken sels. Al it sosjale belied wurdt net Europeesk dien, mar dit wurdt no wol Europeesk dien."
Dat fernuveret Huitema. "It liket der in bytsje op dat lannen sa gau as mooglik oanspraak meitsje wolle op dat fûns en dat hat Nederlân no ek dien."
Wy moatte ek pragmatysk bliuwe.
Jan Huitema
En dochs stimt Huitema tiisdei foar. "Dat fûns is der no ien kear en wurdt alle jierren folle mei 150 miljoen euro. It giet ek nei oare lidsteaten en as Nederlân in oanfraach docht, binne wy dêr ek foar. Wy moatte ek pragmatysk bliuwe."